Zonderland moat as earste

28 jul 2012 - 11:40

Epke Zonderland moat aanst om 12 oere as earste yn aksje op de kwalifikaasje foar de rekstôk. De Lemster turner sit yn de earste groep en moat yn dy groep ek as earste syn oefening delsette.

As de oefening goed giet en Zonderland him pleatst foar de finale, komt er op 7 augustus wer yn aksje.

(advertinsje)