SKS-skûtsjesilen offisjeel los

28 jul 2012 - 08:26

Op de Pikmar by Grou sile de skûtsjes fan de SKS sneontemiddei har earste wedstryd fan de kompetysje fan dit jier. Titelferdigener is dêrby Douwe Visser fan De Sneker Pan. Hy wûn al seis kear it kampioenskip. Der dogge dit jier twa debutanten mei, dat binne Jaap Zwaga op Langwar en Lodewyk Meeter as skipper fan Huzum. Freedtejûn wie yn in tinte yn Grou de offisjele iepening fan it SKS-silen fan dit jier. Dêrby waard ek lotte foar de wedstriden fan nije wike moandei en tiisdei by De Feanhoop en Earnewâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)