FNP-riedslid Aant Jelle Soepboer: "Optreden ME wie bûtenproporsjoneel"

It optreden fan de ME yn de âldjiersnacht yn Noardeast-Fryslân moat kritysk evaluearre wurde. Dat seit FNP-gemeenteriedslid Aant Jelle Soepboer.
Kollumersweach op âldjiersjûn © Noordernieuws
Syn yndruk is dat it ME-optreden yn Kollumersweach 'te fûl' wie en foar ûnnedige eskalaasje soarge hat. "Ik fûn it net taktysk en bûtenproporsjoneel", seit Soepboer. "De fraach is: wat ropt wat op? En hie it net oars kinnen? Ast de jongerein wat yn de gaten hâldst en gewurde litst, hie it dan net oars kaam?"

Ferkearde kar

De brânwacht joech earder oan dat de plysje der earder wie as sy. "De brânwacht seit dat se op oare plakken alles yn de macht hienen en dat doe't de ME kaam de lont yn it krûdfet gie. Dan binne der miskien ferkearde keuzes makke."
De jeugd sit neffens Soepboer al jierren yn de knipe. "Dan is der in jûn dat se nei bûten meie en hoe reagearje je dan as oerheid?"
As gemeenteriedslid sil er dit oan de kaak stelle. "It liket my goed dat de ried hjir fragen oer stelt en dat der evaluearre wurdt en sjen wurdt hoe't it takom jier oars kin." Neffens him hie it oars moatten. "Ik soe sizze: de-eskalearje en lit de brânwacht syn wurk dwaan, dat binne minsken út it doarp sels."

Mear ûnrêst

Der wie mear ûnrêst yn de gemeente Noardeast-Fryslân, lykas yn Eanjum en Burdaard. Ek dat ropt fragen op by Soepboer. "Is de jeugd allinne hjir sa krimineel dat se mei in gummystok ta de oarder te bringen binne en en yn de rest fan Nederlân net? Dat liket my sterk."
FNP-riedslid Aant Jelle Soepboer: "Optreden ME wie bûtenproporsjoneel"
Aant Jelle Soepboer