Pracht striid Hobma - Helmholt

© awfoto.nl
De striid tusken de fierljeppers Thewis Hobma en Bart Helmholt yn Bûtenpost wie fan heech nivo. Hobma ferbettere yn syn earste sprong it skânsrekôr fan Helmholt. Dat stie op 20.30, mar Hobma sette it op 20.41. Yn syn alderlêste sprong pakte Helmholt it rekôr werom: 20.58. Fan de fyftjin wedstriden oant no ta hat Bart Helmholt alve wûn. Hiske Galama by de froulju (14.60) en Hans Ulco de Boer by de junioaren (17.74) hellen har sechsde en sânde deititel. Tom Hoekstra wie foar de sânde kear de bêste by de jonges. Hy ljepte mei 17.84 in nij pr.