Measte Fryske apoteken bondelje krêften yn FAO

Hast alle iepenbiere apoteken yn Fryslân binne oansletten by de Friese apothekersorganisatie (FAO). Dêrmei wolle se de farmaseutyske soarch ferbetterje.
© ANP
Der binne sa'n 45 iepenbiere apoteken yn de provinsje en 90 prosint is no oansletten by de FAO. Om't in soad soarch regionaal organisearre is, is it ek nedich om op regionaal nivo ôfspraken te meitsjen, fynt de FAO.
"Het gaat om lokale versterking van de FAO leden door regionale verbinding", seit Peter Horsthuis, apoteker yn Dokkum.
De FAO set him ûnder oare yn foar it ferbetterjen fan ôfspraken mei oare soarchferlieners, foar regionale kontraktearring en fierdergeande digitalisearring foar de medikaasje-oerdracht fan it sikehûs nei hûs.

Ien oansprekpunt

De FAO funksjonearret ek as ien oansprekpunt út namme fan de apoteken foar stakeholders yn de soarch. Dat kaam fan pas doe't GGD Fryslân begjin 2021 frege oft Fryske apotekers helpe koenen by it klearmeitsjen fan de faksinaasjes.