Froulju H'fean der klear foar
De froulju fan Sportklup SC Hearrenfean dogge der alles oan om yn it nije seizoen goed mei te draaien. Sportyf stiet de ploech der goed foar, de seleksje is foar in grut part deselde as dy fan ferline jier.
De begrutting is noch net hielendal rûn, mar de ferwachting is dat it gat fan 20.000 euro mei in oantal aksjes noch tichte wurde sil. De froulju spylje dit jier de earste helte fan it seizoen tsjin sân Nederlânske ploegen, dêrnei spylje de boppeste en ûnderste fjouwer tsjin de bêste en minste fjouwer fan de Belgyske teams.