Roosje Hindeloopen hat primeur yn tv-programma BinnensteBuiten

Yn it populêre telefyzjeprogramma BinnensteBuiten binne bysûndere wenningen of moaie ynterieurs te sjen. By it nije ûnderdiel ambachten hat Roosje Hindeloopen de primeur.
© Roosje Hindeloopen
By Roosje wurde Hylper meubels makke mei de karakteristike Hylper skilderkeunst. Titus Stallmann fan it famyljebedriuw is hiel grutsk. "Se woenen it programma wat útwreidzje en kamen sa by de ambachten telâne en no blykt dat wy jûn as earste oan bar binne en dus de primeur hawwe."

Hôfleveransier

Neffens de skilder binne de programmamakkers mei troch in reportaazje fan Omrop Fryslân op it idee kaam. "Jim ha by ús filme doe't we yn oktober Hôfleveransier waarden. En dêrnei ha se kontakt mei ús opnaam."
Titus Stallmann fan Roosje Hindeloopen © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Roosje Hindeloopen makket op ambachtlike wize Hylper meubels en dy wurde ek op ambachtlike wize skildere. "Dat foel wol yn de smaak. We ha in moaie opnamedei hân wêryn't te sjen is hoe't we in Hylper kruk meitsje, fan it houtdraaien troch myn broer oant it skilderjen by my en sa fertelle se de skiednis."

Opstekker

It bedriuw krijt de lêste jierren in soad media-oandacht. "In hichtepunt wie dat we yn Vogue stienen en der rinne ek noch moaie moaie dingen. Sa binne we nije wike te sjen yn de twadde ôflevering fan it programma fan André van Duin en Janny van der Heijden oer de alvestêdetocht. Soks is in moaie opstekker."
Titus Stallmann fan Roosje Hindeloopen
BinnensteBuiten is te sjen op NPO2 om 19.09 oere.