Liveblog | 3 jannewaris 2022

Coronanijs 3 jannewaris: Skoallen iepen op 10 jannewaris

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Sûnt it begjin fan de pandemy binne yn Europa mear as 100 miljoen besmettingen registrearre;
  • Minsken berne yn 2001 en 2002 kinne in ôfspraak meitsje foar in boosterprik;
  • Moandei binne 462 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân;
  • Ernst Kuipers (D66) folget Hugo de Jonge op as nije coronaminister.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 3 jannewaris 2022, 22:17
moandei 3 jannewaris 2022
22:15

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog. Moarn binne we der wer!
17:19

Prikke sûnder ôfspraak mooglik yn XXL-lokaasje Ljouwert

It is fan tiisdei 4 jannewaris ôf mooglik om sûnder ôfspraak in boosterfaksinaasje te heljen by de XXL-priklokjaasje yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dat meldt de Veiligheidsregio Fryslân. It is de iennige faksinaasjelokaasje yn Nederlân dêr't minsken sûnder ôfspraak in boosterprik helje kinne.
16:55

Boosterprik foar minsken út 2001 en 2002

15:39

Underwiis iepenet 10 jannewaris

De basisskoallen en skoallen foar it fuortset ûnderwiis sille fan 10 jannewaris ôf wer iepen. Dat makke demisjonêr minister fan Underwiis Arie Slob moandei bekend yn in parsekonferinsje.
Ek de bûtenskoalske opfang mei wer iepen. It mbû, it hbû en de universiteiten bliuwe foarearst wol ticht.
Der sille wol inkelde feilichheidsmaatregels jilde. Dit betsjut ûnder oare dat bern fan groep 6 fan de basisskoalle ôf it advys krije om harren geregeld previntyf teste te litten.
15:23

RIVM meldt 462 nije coronabesmettingen yn Fryslân

De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 462 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 60 mear as op snein. Doe waarden 402 besmettingen meld. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 467 besmettingen meld yn Fryslân.

Gjin stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien Fries mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan Smellingerlân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 14.623 besmettingen. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 11.684.
14:03

Minder coronapasjinten yn noardlike sikehûzen

Nije sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland (AZNN) litte sjen dat der minder coronapasjinten yn de noardlike sikehûzen lizze. It binne 113 pasjinten; 37 dêrfan lizze op de ic. Ferline wike woansdei wienen dat 136, wêrfan 51 op de ic.
Foar Fryslân giet it om 50 pasjinten (16 op de ic).