Fuotgonger komt om by ferkearsûngelok yn Ljouwert

02 jan 2022 - 19:30

By in ferkearsûngelok yn de Ljouwerter wyk Bilgaard is in fuotgonger om it libben kaam nei in ûngelok mei in auto.

De helptsjinsten op it plak fan it ûngelok - Foto: Kappers Media

De man is op it plak fan it ûngelok stoarn oan syn ferwûnings. Ambulânsepersoniel hat noch besocht de man te reanimearjen, mar dat slagge net.

It ûngelok barde flakby it winkelsintrum Bilgaard. De brânwacht hat skermen pleatst, omdat der in soad winkelpublyk by it ûngelok delkaam.

De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)