Kramer en Michelle de Jong wis fan olympysk ticket

Sven Kramer mei syn olympyske titel op de 5.000 meter ferdigenje. Hy is ien fan de sân Fryske langebaanriders dy't troch de KNSB selektearre is foar de Winterspelen yn Peking.
Sven Kramer © Orange Pictures
Njonken Kramer giet ek Jorrit Bergsma nei de Olympyske Spelen by de manlju. Bergsma rydt yn prinsipe op trije ôfstannen: de 5.000 meter, de 10.000 meter en de massastart. Kramer rydt njonken syn 5.000 meter ek de ploege-efterfolging en de massastart.
Dat Kramer de massastart ride sil, is in ferrassing. "Met Sven naast Jorrit in de massastart hebben we een koppel dat de buitenlandse concurrentie angst inboezemt, en terecht", seit technysk direkteur Remy de Wit fan de KNSB.

OKT

De KNSB basearret de seleksje foar in grut part op de resultaten fan it olympysk kwalifikaasjetoernoai, de ôfrûne wike.
Allinnich Tijmen Snel en Dai Dai N'tab falle derbûten. Se hienen har wol yn de matriks riden, op respektyflik de 1.500 meter en 500 meter.
Yn de matriks stienen se boppe Sven Kramer, mar de Fries krijt de foarkar, omdat er ek op de ploege-efterfolging yn aksje komt. Dêrom moast der al ien fan de twa ôffalle. Mar se falle beiden ôf, omdat de KNSB ek Marcel Bosker yn aksje ha wol op de ploege-efterfolging.

Seleksje manlju

Rider Ofstannen
Jorrit Bergsma 5.000, 10.000, massastart
Sven Kramer 5.000, ploege-efterfolging, massastart
Thomas Krol 500, 1.000, 1.500
Kjeld Nuis 1.500
Hein Otterspeer 1.000
Patrick Roest 5.000, 10.000, ploege-efterfolging
Merijn Scheperkamp 500
Kai Verbij 500, 1.000
Marcel Bosker 1.500, ploege-efterfolging
Fiif Fryske froulju meitsje de reis nei Sina ta: Antoinette de Jong, Ireen Wüst, Femke Kok, Marijke Groenewoud en Michelle de Jong komme yn febrewaris yn aksje.
Femke Kok en Michelle de Jong ride de 500 meter © Orange Pictures
Antoinette de Jong krijt in drok programma: sy rydt trije yndividuele ôfstannen en de ploege-efterfolging. Ireen Wüst rydt twa yndividuele ôfstannen en de ploege-efterfolging.

Seleksje froulju

Rider Ofstannen
Antoinette de Jong 1.000, 1.500, 3.000, ploege-efterfolging
Ireen Wüst 1.000, 1.500, ploege-efterfolging
Femke Kok 500
Marijke Groenewoud 1.500, massastart
Michelle de Jong 500
Jutta Leerdam 500, 1.000
Sanne in 't Hof 5.000
Irene Schouten 3.000, 5.000, ploege-efterfolging, massastart
Carlijn Achtereekte 3.000
Foar Michelle de Jong wie it noch even spannend. Nei it OKT stie se hielendal ûnderoan yn de matriks. Mar omdat alle rydsters op yndividuele ôfstannen ek op de ploechûnderdielen yn aksje komme kinne, hoecht de KNSB gjinien te passearjen. Michelle de Jong mei dêrom de 500 meter ride yn Peking.