Befelfierder brânwacht kritysk op ME yn Kollumersweach: te rap geweld brûkt

Befelfierder Albert Dantuma fan de brânwacht yn De Westereen fynt dat de mobile ienheid oars optrede moatten hie by de rebûlje yn Kollumersweach op âldjiersjûn. De ME gong te rap oer op geweld, fynt Dantuma. Yn petear gean hie better west.
Kollumersweach op âldjiersjûn © Noordernieuws
"Dit hie oars hiel oars ôfrinne kinnen, want de sfear wie gewoan goed", begjint Albert Dantuma syn ferhaal.
De brânwacht waard oproppen foar in brân oan de Koarteloane yn Kollumersweach. Doe't se dêr kamen, wie de ME der al.

Gjin oerlis

"Wy hiene in tsjinst fan 18.00 oant 06.00 en wy stean dan paraat foar brannen en eskalaasje", fertelt Dantuma. "Mar doe't wy oankamen op de Koarteloane, wie der al in grutte ME-garde oanwêzich. Dat wie frjemd, want sy geane altyd mei ús yn oerlis. Wy binne bliid mei de ME hear, want se helpe ús faak. Mar dit kear koene wy net mei se yn oerlis."
Albert Dantuma © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Dantuma is bekend yn Kollumersweach. Hy ken de minsken, en de minsken kenne him. "Gewoanwei geane wy als brânwacht altyd nei de minsken ta en prate wy mei harren. Us frijwilligers binne ek minsken út de doarpen, dus wy kenne elkenien. Wy binne bekenden fan it publyk en kinne dan rekkenje op begryp. Wy komme dêr al jierren."
Hie ús it oplosse litten mei praten. Dan wie it klear.
Albert Dantuma
Mar no gong it oars as oars. "De ME sei: 'We overleggen niet, we gaan direct ontruimen.' Dat soarget allinnich mar foar eskalaasje. Letter hearden wy dat minsken oanfallen binne troch de ME, ek minsken dy't der neat mei te krijen hienen. Dat hie net hoegd. Hie ús it oplosse litten mei praten. Dan wie it klear."

Dantuma baalt

Op nijjiersdei seach Dantuma nei it nijs. "En dat stuts my. De plysje melde dat wy oanfallen binne mei fjoerwurk en dat sy dêrom de boel ûntromme ha. Mar dat wie net sa. Wy wiene der noch net iens."
It jout Dantuma in ferfelend gefoel. "Mei alle respekt foar de ME en de plysje, mar it hie oars moatten. Ik ken ek alle minsken út it doarp en krij no te hearren dat wy de oarsaak binne. Dêr bin ik it net mei iens. Tongersdei geane wy mei ús allen yn oerlis en dan sille we dit oanstippe."

Veiligheidsregio: te betiid om te oardieljen

De plysje wol ynhâldlik net reagearje, seit in wurdfierder. As de befelfierder yn kontakt komme wol mei de ME, dan kin dat altyd, seit de wurdfierder.
De Veiligheidsregio Fryslân lit yn in reaksje witte dat se har net fine kinne yn it ferhaal fan Dantuma. Se fine it noch te betiid om te oardieljen oer de situaasje yn Kollumersweach, se wachtsje de evaluaasje ôf.