IIswike by Omrop Fryslân; Alvestêdetocht 1997 en oare iiswille

Omrop Fryslân hat de kommende wike omdoopt ta 'iiswike'. We sjogge wiidweidich werom op de lêste Alvestêdetocht en fan 3 oant en mei 9 jannewaris stiet iis sintraal by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en online.
© Omrop Fryslân
Yn 1996 makke de winter noch in skynbeweging. De foarsitter fan de alvestêdeferiening wie yn jannewaris dat jier net út de media te slaan. Henk Kroes hie it oer iistransplantaasjes en wynwekken.
De alvestêdekoarts hie net inkeld Fryslân, mar hiel Nederlân yn de besnijing. Snein 4 febrewaris soe de grutte dei wurde moatte, mar de winter gie syn eigen gong. It koe net.

Weromrop.tv

Dy parsekonferinsje is ien fan de reportaazjes dy't te sjen is yn Weromrop.tv. Fjouwer dagen lang binne moaie, oandwaanlike en grappige bylden te sjen fan iiswille út it Omrop-argyf.

Ride: fan Iselmar oant Ryptsjerksterpolder

We sjogge ûnder oare by in toertocht by Starum dy't einige yn gaos en op it plak dêr't faak as earste op redens stien wurde kin: de Ryptsjerksterpolder. Mar ek it WK soleksriden op de Jouster iisbaan komt foarby.
Ferslachjouwer Simone Scheffer wol de Alvemarretocht ride, soe se it helje? We sjogge ek by de tariedingen foar it beslydjeien op De Feanhoop. Nei't in twadde auto troch it iis sakke wie, konkludearre de organisaasje: it kin net.

4 jannewaris 1997: It giet oan

Op tiisdei is in ekstra lang programma hielendal oer de tocht fan 1997. Ein 1996 begûn it op 'e nij flink te friezen en de iiskoarts lôge wer op. Waarman Piet Paulusma beseach de waarkaarten en sei: "Dit begjint der echt op te lykjen, helje de draaiboeken foar jim alvestêdeútstjoeringen mar út de kast!" Op 2 jannewaris 1997 spruts Henk Kroes de histoaryske wurden: 'It giet oan!' Fansels steane we dêr 25 jier letter wiidweidich by stil.

Gefoel, sfear en sentimint yn iiswike

Yn de iiswike hat Omrop Fryslân folop omtinken foar moaie ferhalen oer snie en iis fan doe, mar ek foar de fraach: Soene wy no klear wêze op in Alvestêdetocht? En hoe hâlde de ferantwurdlike organisaasjes harren saakkundichheid op peil as der sokke lange perioaden net riden wurde kin?
Hâld boppedat de radio oan om kâns te meitsjen op unike poeiermolkemokken!
IIswike by Omrop Fryslân: