Trije jier nei ramp MSC Zoe 90.000 kilo troep út see helle

Trije jier nei de ramp mei it skip MSC Zoe is der hast 90.000 kilo ôffal út see helle mei opromaksjes. Dat ha de inisjatyfnimmers fan CleanUpXL bekend makke.
© Stichting Duik De Noordzee Schoon
Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it skip boppe de Waadeilannen yn in stoarm 342 folle konteners. Mear as trije miljoen kilo lading bedarre yn see. "Veel rommel is opgeruimd, maar lang niet alles", stelle de miljeu- en natuerorganisaasjes, ferienige yn CleanUpXL.

Frachtweinûnderstel

Begjin septimber sette de earste opromaksje fan de organisaasje útein. "Met zes dagen bergen, zeven duikexpedities op verschillende wrakken en strandopruimacties met 110 vrijwilligers hebben we 87.592 kilo afval uit zee gehaald."
It ôffal bestiet út allerhanne troep, sa as plastic fuottebadsjes, slippers, fleecetekkens, izerskroat en in ûnderstel fan in frachtwein.
© Kustwacht Nederland
Undersyk mei sonars hat oantoand dat yn in gebiet fan 3000 kante kilometer noardlik fan de Waadeilannen net allinnich noch in soad fan de lading fan de MSC Zoe op de seeboaiem leit, mar ek in hiel soad oare rommel.
As dy net opromme wurdt, wurde seebisten, kusten, kwelders en dunen foar lange tiid bedrige troch plastic resten. Unike natuer soe ferlern gean.
Lês al ús eardere berjochten oer de kontenerramp op ús dossierside.