Helptsjinsten ynset nei mooglike sjitpartij yn Drachten

01 jan 2022 - 20:33

Oan de Houtlaan yn Drachten hat sneontejûn mooglik in sjitynsidint west. De helptsjinsten krigen dêroer om 20.13 oere in melding binnen.

Foto: Noordernieuws

Ferskate plysje-ienheden en in ambulânse kamen te plak. Ien persoan is troch it ambulânsepersoniel behannele en dêrnei oerbrocht nei it sikehûs.

Wat der presys bard is, is noch net bekend. De plysje hat noch gjin oanhâldingen dien.

Trefwurden: 
Drachten sjitpartij Houtlaan
(Advertinsje)
(Advertinsje)