Tolve apparteminten yn Ljouwert ûntromme om brânend bankstel

Tolve wenningen yn in portykflat oan de Appelstrjitte yn Ljouwert binne sneontejûn ûntromme fanwegen in bûtenbrân. De flammen en reek gienen it gebou binnen en dat levere gefaar op foar de bewenners.
© CAMJO media
Oan de bûtenkant fan de flat stie in bankstel yn 'e brân. De flat rûn dêrby grutte skea op.
De brânwacht hat de bergingen yn de flat leech makke om it fjoer folslein útmeitsje te kinnen.
Neidat de brânwacht de apparteminten kontrolearre en fentilearre hie koene de bewenners wer nei hûs.