Minder medaljes ferwachte

Friezen ferwachtsje dat de Nederlânske Olympyske ploech dit jier minder medaljes helje sil as fjouwer jier lyn yn Peking. Dat docht bliken út in enkête fan Omrop Fryslân en EenVandaag. Twa-tredde tinkt dat Nederlân mei minder as 16 thúskomt. Mar 17 prosint tinkt dat dit jier mear medaljes helle wurde as fjouwer jier lyn. Nederlân hat neffens de respondinten de measte kâns op in medalje by it swimmen.
Epke Zonderland is de meast favorite Olympiër. Hy krige 30 prosint fan de stimmen. De nûmer twa, Marianne Vos, 11 prosint.