Gjin Frysk sukses by de froulju op NK maraton, Schouten is Keulen-Deelstra foarby

De Fryske maratonreedrydsters hawwe op it NK yn Alkmaar net meidwaan kinnen om de prizen. Bianca Bakker fan Wynjewâld wie op it alfde plak de bêste Friezinne. De titel gie nei Irene Schouten.
© ANP Foto
Op it swiere iis yn Alkmaar pakte in groep fan tsien froulju al gau in ronde foarsprong op de rest fan it peloton.
Yn de kopgroep sûnder Friezinnen sieten Lisa van der Geest, Femke Mossinkoff, Iris van der Stelt, Arianna Pruisscher, Roza Blokker, Maaike Verwij, Elsemieke van Maaren, Emma Engbers, Laura van Ramshorst en topfavorite Irene Schouten.

Hurde fal

De wedstriid waard mei noch 41 ronden te gean koarte tiid stillein om't Anne Tauber foel en dêrby hurd mei har holle op it iis kaam.
De reedrydster dy't earder yn Oranjewâld wenne, waard behannele op de boarding. Nei't se dêr sels wer ôfkomme koe, gie de race fierder.

Schouten makket favoriterol wier

Tsien ronden foar de ein moast it peloton ôfsprinte foar it alfde plak. Dy massasprint waard wûn troch Bianca Bakker fan Wynjewâld.
Yn de slotfaze besochten ferskate froulju noch om fuort te kommen út te kopgroep en dêrmei Schouten wurch te meitsjen mei it weromheljen. Dat slagge lykwols net en yn de einsprint wie Schouten mei oermacht de beste.
Dêrmei pakte se har sechde Nederlânske titel op keunstiis. De 29-jierrige reedryster hat no mear Nederlânske titels op keunstiis as Atje Keulen Deelstra. Dy wûn de titel yn 1975, 1976, 1977, 1978 en 1980.
It sulver gie nei Pruisscher en it brûns wie foar Van der Stelt.