Brânwacht belibbet drokke, mar 'beheersbare' jierwiksel

It hat in unrêstige âldjiersnacht west foar de brânwacht yn Fryslân. Der moast meardere kearen útriden wurden foar it bestriden fan brannen.
De âldjiersnacht yn Fryslân:
De brânwacht is fan âldjiersdei oant nijjiersdei 08.00 oere 69 kear alarmearre. Dat is wat minder as ferline jier, doe lei dat oantal op 76. It jier dêrfoar wie it 83 kear. De brânwacht moast it faakst yn aksje komme yn it noardeasten fan Fryslân.
Der wiene benammen strjitbrannen. De grutste ynset wie by in skuorrebrân yn Stiens, oan it begjin fan de jûn. Om't it net dúdlik wie oft der noch bisten yn de skuorre wiene, is út foarsoarch opskaald nei middelbrân. Der stiene úteinlik gjin bisten yn de skuorre.
Neffens direkteur Wim Kleinhuis fan de Veiligheidsregio Fryslân hie de brânwacht nettsjinsteande de drokte alles wol ûnder kontrôle.

'Vervelend en onnodig'

"Het was voor Brandweer Fryslân een drukke, maar beheersbare nacht. De jaarwisseling werd in sommige delen van onze provincie uitbundig gevierd, en op een aantal plekken werden hulpverleners door omstanders gehinderd bij het uitvoeren van hun werk."
Dat minsken de brânwacht hinderen yn harren wurk, dêr is Kleinhuis net oer te sprekken. "Heel erg vervelend en onnodig. Mede dankzij de ondersteuning van de politie hebben onze mensen hun werk goed kunnen doen."

Fryske sikehuzen

Foar de Fryske sikehuzen en Dokterswacht Friesland wie de drokte te fergelykjen mei ferline jier, mei in lyts tal meldingen troch fjoerwurk. De Fryske sikehuzen ha gjin melding dien fan agresje of geweld tsjin it personiel.
Wim Kleinhuis, direkteur fan de Veiligheidsregio Fryslân