Omrop TIP: De FryslânDOK 'Lij wetter'

It is 25 jier dat de lêste Alvestêdetocht ferriden waard. Begjin jannewaris 1997 makke FryslânDOK in portret fan Alde Leie, in doarpke oan 'e rûte yn it noarden fan Fryslân. De film 'Lij wetter' wurdt útstjoerd op 1 jannewaris 2022 by NPO2 en op 2 jannewaris by Omrop Fryslân.
"It giet oan!", dy wurden brûkt foarsitter Henk Kroes fan de Vereniging Friesche Elf Steden op 2 jannewaris 1997 om de Alvestêdetocht oan te kundigjen. En dan giet it oan, yn alle doarpen en stêden fan Fryslân dy't oan de rûte lizze. Alde Leie is sa'n doarpke, dêr't de trochgeande Leister Feart ûnderdiel útmakket fan de tocht.
Gerrit Jan Sinnema yn 1997 © Omrop Fryslân
Frijwilligers út Alde Leie geane oan de slach. Der komt ferljochting lâns de feart en de baan moat skjin. De jonge Gerrit Jan Sinnema is ien fan de fanatykste helpers by it baanfeien.
De measte frijwilligers sliepe yn 'e nacht fan 3 op 4 jannewaris yn it doarpshûs. Doarpsbewenner Piet Westerhuis moat betiid fan bêd ôf, want hy sil de tocht sels ride.
Lij wetter útdiele yn Alde Leie © Omrop Fryslân
De trije programmamakkers Geart de Vries, Gryt van Duinen en Piter Tjeerdsma giene op 3 jannewaris nei Alde Leie om de tariedingen te folgjen. Mei kameramannen Jan van Akker, Anton Stoelwinder en Jan Bensliman makken se dêr de Alvestêdetocht mei, oant de lêste rider foarbykaam wie.
Alde Leie 4 jannewaris 1997 © Omrop Fryslân
Programmamaker Piter Tjeerdsma
FryslânDOK 'Lij wetter - in Alvestêdeportret fan Alde Leie'
Sneon 1 jannewaris 2022 NPO2 15.30 oere (werhelling 2 jannewaris 13.10 oere)
Snein 2 jannewaris 2022 Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.