Gerald Aukes út Grou werom as haadcoach by kuorbalklup LDODK

Gerald Aukes út Grou wurdt de nije haadcoach fan LDODK. Dat meldt de kuorbalklup fan De Gordyk op de eigen webside. De 55-jierrige Aukes folget Dico Dik op.
Gerald Aukes © Orange Pictures
Aukes en LDODK binne âlde bekenden fan inoar. Oant 2012 wie er al seis jier lang haadtrainer fan de kuorbalploech. Yn it seizoen 2011-2012 bekroande hy syn wurk mei promoasje nei de Korfbal League.

Enoarm motivearre

Bestjoerslid technyske saken Jan Sjoerd Pool is bliid dat der nei it fuortgean fan Dik rap in opfolger fûn is. "Mei Aukes helje we in Korfbal League-trainer mei ûnderfining binne, dy't ek nochris de klup goed kent. Yn de petearen mei Gerald hat bliken dien dat hy enoarm motivearre is om mei de LDODK-seleksje oan 'e slach te gean."
Dik hold yn desimber op by de klup. Hy hie net genôch fertrouwen yn ferbettering fan it spul fan syn ploech. "Het is mij niet gelukt om op voor de mij belangrijke aspecten van het korfbal voldoende progressie te boeken", sei er.
Gerald Aukes yn 2012, doe't LDODK promovearre nei de Korfbal League © Marco Spelten
Aukes hat der nocht oan om wer by LDODK te coachen. "Der is in soad talint oanwêzich en der stiet in moaie seleksje mei goede yndividuën by LDODK. It is de útdaging om dizze groep better mei-inoar spylje te litten. Dan binne der moaie dingen mooglik."
De earste wedstriid mei Aukes as haadtrainer stiet takom sneon op it programma. LDODK spilet dan thús tsjin KCC út Capelle aan den IJssel.