Plysje hâldt fiif minsken oan yn âldjiersnacht yn Fryslân, ME fiif kear ynset

01 jan 2022 - 11:03

De plysje hat yn de âldjiersnacht fiif minsken oanhâlden yn Fryslân. De Mobiele Eenheid (ME) is yn ús provinsje fiif kear ynset by ûngeregeldheden yn Kollumersweach, Marrum, Tsjummearum, Ychtenbrêge en Burdaard.

De âldjiersnacht yn Fryslân:

Oan it begjin fan de jûn waard de brânwacht oproppen yn Kollumersweach. By it útmeitsjen fan de brân waard de brânwacht hindere troch omstanners. De ME is ynset om de brânwacht de romte te jaan, mar waard dêrby bekûgele mei swier fjoerwurk.

Ek yn Marrum moast de brânwacht in brân útmeitsje, oan de Lage Herenweg. Foar de feilichheid fan de brânwacht is de ME oproppen.

Brân op strjitte

Yn Tsjummearum sieten plysjes yn in bedriigjende situaasje. Ien plysjeman rekke lichtferwûne doe't der wat tsjin syn holle smiten waard. De ME kaam en der waard ien persoan oanhâlden.

Plysje yn Ychtenbrêge - Foto: CAMJO media

De brânwacht en de plysje kamen ek yn aksje yn Ychtenbrêge. Dêr wie om 4.00 oere hinne in grutte brân op strjitte yn de Duimstraat. In grutte groep minsken kearde him tsjin de oproppen ME. De foarrút fan in plysjewein rûn skea op by it ynsidint.

Triengas yn Burdaard

In kertier letter kaam de ME yn aksje yn Burdaard. Ek hjir kearde in grutte groep minsken him tsjin de plysje. Se goaiden ûnder oare mei swier fjoerwurk nei de plysje en de plysjehûnen. Der is úteinlik triengas brûkt om de rêst werom te bringen. Trije plysje-aginten ha mooglik gehoarskea oprûn by dit ynsidint.

Yn it hiele Noarden binne trettjin minsken oanhâlden, neist de fiif yn Fryslân, fjouwer yn Grinslân en fjouwer yn Drinte. De ME is yn totaal sân kear ynset, wêrfan't dus fiif kear yn Fryslân.

Plysje Noard-Nederlân oer de ûnrêstige nacht

(Advertinsje)
(Advertinsje)