Automobilist slim ferwûne by ferkearsûngelok yn Sânhuzen

By in ferkearsûngelok yn Sânhuzen is ien persoan slim ferwûne rekke. De automobilist is troch noch ûnbekende oarsaak op in beam riden.
De helptsjinsten op it plak fan it ûngelok © ProNews
It ûngelok fûn plak op de Zandhuizerweg, by de krusing mei de N353. De brânwacht hat it slachtoffer befrijd en oerdroegen oan it ambulânsepersoniel.
De dyk hat ticht west foar it oare ferkear en omstanners.