Liveblog | 1 jannewaris 2022

ME op ferskate plakken bekûgele mei fjoerwurk, plysje brûkt triengas yn Burdaard

Lês hjir wat der te rêden wie yn de provinsje Fryslân op âldjiersjûn en âldjiersnacht:

  • By ûngeregeldheden yn Tsjummearum is in plysjeman lichtferwûne rekke, der is ien persoan oanholden;
  • De ME is ek mei fjoerwurk bekûgele yn Burdaard, de plysje hat dêrnei triengas brûkt;
  • De ME hat ek yn aksje west yn Ychtenbrêge, Marrum en Kollumersweach, yn dat lêste doarp is ien persoan oanholden;
  • Eanjum, Ferwert en Marrum 'feiligensrisikogebiet'.

Dit liveblog was ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 1 jannewaris 2022, 06:27
sneon 1 jannewaris 2022
06:25

Oant safier

We slute dit liveblog oer âld en nij yn Fryslân ôf. Hâld ús kanalen hjoed yn de gaten foar reaksjes fan bygelyks boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân en fan de plysje.
Noflike dei en nochris de bêste winsken foar it nije jier!
05:27

Rêst yn Burdaard is werom

De rêst is werom yn Burdaard. De plysje grypte dêr yn en brûkte traangas, nei't de ME mei fjoerwurk bekûgele waard.
De plysjes bûten Burdaard © Omrop Fryslân
05:19

ME grypt yn yn Ychtenbrêge

Nei Kollumersweach, Marrum, Tsjummearum en Burdaard komt de ME no ek yn aksje yn Ychtenbrêge. Dêr is it ûnrêstich op de trochgeande dyk.
Op ferskate plakken op strjitte wurdt brân stichte en der is rebûlje. De ME beskermet de brânwacht by it útmeitsjen fan de brantsjes en wol elkenien fuort ha.
Plysje yn Ychtenbrêge © CAMJO media
04:41

Plysje brûkt triengas

Yn Burdaard hat de plysje triengas brûkt. De ME waard bekûgele mei ûnder oare swier fjoerwurk, meldt de plysje. Nei't in groep minsken gjin gehoar joech oan foarderingen om fuort te gean, hat de plysje it triengas ynset.
04:22

Tsjummearum: plysjeman ferwûne, ien oanhâlding

By de ûngeregeldheden yn Tsjummearum is op syn minst ien plysjeman lichtferwûne rekke. De plysje waard op de Buorren bekûgele mei flessen en fjoerwurk. Ien persoan is oanholden op fertinking fan iepenlike geweldpleging.
De plysje en de ME wienen yn Tsjummearum om de brânwacht by te stean, nei't in ôffalbult op de dyk yn brân stutsen wie. Nei't de dyk frijmakke waard, hat de brânwacht it fjoer útmakke.
De ME wie mei acht buskes yn it doarp en hat sjarzes útfierd.
De ME helpt de brânwacht yn Tsjummearum © CAMJO media
04:28

Fjoerwurk nei ME smiten yn Burdaard

Nei Kollumersweach, Marrum en Tsjummearum is de ME ek yn aksje kaam yn Burdaard. Neffens de plysje rjochtet in grutte groep minsken him tsjin de plysje. De groep soe swier fjoerwurk nei de ME smite.