Boargemaster Kramer oer situaasje yn Eanjum: "Wy binne der net gerêst op"

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân seit dat hy der net gerêst op is dat it rêstich bliuwt yn Eanjum mei âldjiersnacht. Ofrûne nacht wiene der ek ûngeregeldheden. Der jildt no oant 3 jannewaris in needferoardering yn Eanjum.
Boargemaster Kramer besiket op alles taret te wêzen:
It wie net de earste kear it ûnrêstich wie yn it doarp: ferline jier waard de plysje yn in leage lokke. Boargemaster Johannes Kramer seit dat jongerein dat op 'e nij fan doel wie. Minsken dy't har dêr tsjin út sprutsen waarden bedrige, seit Kramer. "Sy doarden har net út te sprekken om't it foar harren ûnfeilich wie."

Kramer sjocht mei spanning ta

De gemeente en helptsjinsten riede har maksimaal ta op âldjiersjûn. Dochs sjocht de boargemaster mei spanning ta. "Feiligens stiet by ús foar alles. We hoopje dat wy it garandearje kinne, mar we binne der net wis fan dat it jûn hiel rêstich bliuwt."
Neffens him is it in foardiel dat it min waar is en dat minsken minder gau nei bûten geane. "Litte we hoopje dat it sa bliuwt. Mar ik bin der net hielendal gerêst op."
De needferoardering jildt fan freedtenacht healwei ienen oant acht oere op 3 jannewaris.

Doarpsbelang skammet him djip

It doarpsbelang fan Eanjum en it bestjoer fan MFA De Dobbe hawwe op sosjale media oanjûn harren djip te skamjen foar de ûngeregeldheden yn it doarp. Takom jier wolle sy yn petear mei de jongerein om 'meer ellende te voorkomen.'
De bestjoeren betreurje dat it sa bot út 'e klauwen rûn is. "Met als triest dieptepunt een agent die ernstig gewond is geraakt."