Gurbe Douwstra mei 'Cliffs of Moher' op nûmer 1 yn Fryske top 100

31 des 2021 - 18:30

Gurbe Douwstra stiet mei Cliffs of Moher op nûmer 1 yn de Fryske top 100. It is leafst de alfde kear dat Douwstra mei dit nûmer op it earste plak stiet.

Foto: Steven Zwart

Op âldjiersdei wiene oant 18.00 oere wer de bêste Fryske nûmers te hearren. Njoggentich fan de hûndert nûmers yn de Fryske top 100 wiene al bekend. Mar de top 10 is bekend makke yn it lêste part fan de útstjoering.

Striid tusken 1 en 2

Douwstra is mei syn alfde winst in fedette yn de Fryske top 100. Dochs die bliken dat it dit jier noch hiel spannend wie tusken de nûmer 1 en de nûmer 2, Rolling Home mei it ferske Fries om utens. Yn 2018 waard Oele Plop de ferrassende oanfierder fan de list, mar yn 2019 stie Douwstra wer boppe-oan.

Harkje hjir it beslissende momint werom

Piter Wilkens dielt dit jier de eare fan de meast notearre artyst mei de manlju fan De Doelleazen. Beide steane leafst seis kear mei in liet yn de Fryske top 100.

Stedsfrysk en De Groot

Fierder stiet der mear Stedsfrysk yn de list as in jier lyn. Dit jier gie it om seis nûmers, ferline jier wiene it der fjouwer. Ien fan de nûmer is bygelyks Foar Johannes fan de yn 2018 ferstoarne Doede Bleeker. In oare tafoeging yn de list binne twa nûmers dy't makke binne yn it ramt fan Boudewijn de Groot yn it Frysk.

De top 10:

  1. Gurbe Douwstra - Cliffs of Moher (ferline jier ek op 1)
  2. Rolling Home - Fries om utens (ferline jier op 8)
  3. Die Twa - Fûgels (ferline jier op 2)
  4. Reboelje - Marije Maria (ferline jier op 3)
  5. De Kast - In nije dei (live) (ferline jier op 4)
  6. Piter Wilkens - It paad werom (ferline jier op 6)
  7. Gurbe Douwstra - As it myn tiid is (ferline jier op 5)
  8. Boudewijn de Groot & Grytz - Ik beloof (nij yn de Fryske Top 100)
  9. Twarres - Wêr bisto (ferline jier op 7)
  10. The Bounty Hunters feat. Johannes Rypma - Maten (ferline jier op 17)

Sjoch hjir nei in kompilaasje fan de Fryske Top 100:

Dit jier hawwe hast likefolle minsken harren stimmen útbrocht foar de Fryske top 100 as ferline jier. It wiene 10.430 stimmers. Ferline jier wiene it der 67 mear.

Mear as 10.000 stimmers

De stimmers mochten elts fiif favorite Frysktalige ferskes trochjaan. Lykas ferline jier hat it thúsbliuwen yn coronatiid it Fryske publyk massaal oan it stimmen brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)