RIVM meldt 485 nije besmettingen yn Fryslân, gjin stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 485 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 68 minder as tongersdei. Doe waarden 553 nije besmettingen meld.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 439 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 443 besmettingen, in wike lyn op 563.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol twa Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om in ynwenner fan gemeente Smellingerlân en gemeente De Fryske Marren.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 16.796 besmettingen. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 13.207
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.