Auto folslein ôfbaarnd op sneldyk by Marsum

Op de A31 by Marsum is in auto yn de brân flein troch noch ûnbekende oarsaak. De plysje hat de dyk in skoft oan ien kant ôfsletten.
© CAMJO Media
De bestjoerder fan de auto gie yn de rjochting fan Dronryp. Hy koe de oanhinger op tiid loskeppelje.
De brânwacht hie earst muoite om it fjoer út te krijen. In berger hat de auto dêrnei optild, wêrnei't de brânwacht it fjoer útmeitsje koe. De helptsjinsten koene lykwols net tefoaren komme dat de auto folslein ôfbaarnd is.