Bewenners Frijlân wolle ein oan hazzejacht nei besjitting bewenner

Bewenners fan Frijlân yn Ljouwert wolle dat der in ein komt oan de hazzejacht yn de omkriten fan it ekologyske wendoarp. Yn desimber waard in bewenner rekke troch hagelkerrels fan in jager.
Frijlân © Omrop Fryslân
Frijlân is in ekologysk wen- en wurkdoarp oan de râne fan Ljouwert. Op 18 desimber waard ien fan de bewenners rekke troch hagel fan in jager. Dy soe te ticht by de wenten west ha.

Gjin ôfstân

"De jagers waren al aan het provoceren door de gemaakte afspraken (wederom) niet na te komen en afstand te houden van ons terrein", sa skriuwt Stichting Permacultuur Friesland oan Provinsjale Steaten. De stichting is de eigener fan it doarp.
De 100 meter dy't der op syn minst tusken sitte moat, wie der net doe't in jager op de hazze skeat. It gie doe om in meter as 30. "Onze bewoonster liep zo'n 8 meter voor haar huis, richting de woning en werd geschampt op de arm door hagel. Ongeveer 20 cm van haar ogen af. U kunt zich de paniek wellicht voorstellen die dat gaf."

"De druppel"

Neffens de stichting binne der ek folle minder hazzen yn de omkriten troch de jagers. "Waar voorheen met gemak 15-20 hazen te zien waren in het land rondom ons, moet je nu zoeken met een verrekijker."
Frijlân hopet dat it ynsidint sjoen wurdt as "druppel van een onverantwoorde jacht op hazen. Zeker als het jagers betreft die puur voor hun plezier jagen en niet om beheersredenen. Het aantal dieren is nu zo klein dat ze alles er aan doen om toch nog die laatste exemplaren te schieten. Met alle gevolgen van dien, hebben wij ervaren."