Fertochte oanholden foar swier fjoerwurk troch brievebus yn Harns

De plysje hat in minderjierrige fertochte oanholden foar it swiere stik fjoerwurk dat yn de nacht fan tiisdei op woansdei troch de brievebus fan in wenhûs oan de Hugo de Grootstrjitte yn Harns smiten waard.
Troch de knal sprong al it glês út de foardoar © Omrop Fryslân
De eksploazje rjochte in soad skea oan yn de hal fan it hûs. De bewenner, dy't op it momint fan de eksploazje boppe lei te sliepen, kaam mei de skrik frij. By it ûndersyk binne ûnder oare bylden fan bewakingskamera's brûkt.