Man ferwûne rekke by stekynsidint yn Ljouwert, fertochte (45) oanholden

Yn Ljouwert hat tongersdeitemiddei yn de omkriten fan De Kei in stekynsidint west. In man is oan de skonk ferwûne rekke. De plysje hat in man fan 45 jier út Ljouwert oanholden as fertochte.
© CAMJO media
De plysje docht noch ûndersyk nei it barren. It ynsidint soe om 13.45 oere hinne plakfûn hawwe oan De Kei, dat is oan de uterste noardkant fan de stêd.