Te min trochstream fan âlderein op wenningmerk: Berltsum fynt in oplossing

De bern binne it hûs út en dan hawwe je ynienen wol in hiel soad romte dy't je net mear brûke. Dêrom sykje Jelle (63) en Hennie (61) de Vries út Berltsum nei in lytsere wenning.
Jelle en Hennie de Vries fan Berltsum © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
Sa maklik is dat lykwols net altyd, mar dêr hawwe se yn it doarp wat op betocht. Stichting Berlikumer Belangen wol yn it midden fan it doarp nammentlik tsien húskes bouwe foar âlderein.
"Wy hawwe ús der ris wat yn ferdjippe en dat lake ús wol oan. Foar ús ideaal", seit Jelle. "Je komme aanst in bytsje byinoar te wenjen. Je kinne in bytsje om inoar tinke. De húskes wurkje ek sa dat der letter wat soarch ferliend wurde kin", follet Hennie him oan.
Ut ûndersyk fan Omop Fryslân en de NOS docht bliken dat Fryske gemeenten benaud binne dat de eigen ynwenners yn de ferdrukking komme op de wenningmerk. Der is te min trochstreaming fan âlderein op de wenningmerk én in tekoart oan betelbere huzen foar jongelju en starters.
Dat wie ek in probleem yn Berltsum. "Er is op het moment heel weinig te koop en als er wat te koop is, is het heel snel verkocht", seit Jasper de Vries - gjin famylje fan it pear - fan Stichting Berlikumer Belangen.
It pear De Vries oer harren ferhûsplannen
"Dan is het juist leuk om woningen die nu geschikt zijn voor gezinnen, vrij te spelen. Dat kun je doen door de mensen die er nu zitten, die misschien niet eens denken aan verkopen, een mooi plekje te bieden en eigenlijk te verleiden. Dan speel je de woning vrij voor jongeren."
De stichting hopet dat de wenningen dy't frijkomme, opfolle wurde troch Berltsumers. "We natuurlijk niet helemaal de controle over wie er uiteindelijk in de woningen komen die vrijgespeeld worden, maar dat is wel ons ideaalbeeld."

In jier wachtsje

It plan foar de lytse wenningen is op 23 desimber goedkard troch de gemeenteried. As der op de bestimmingsplanwiziging gjin sjenswizen komme, kinne de húskes der oer in jier stean. "Dan sta je hier tussen gelukzalige mensen op leeftijd die hier een prachtig woninkje met een mooi hofje hebben", seit Jasper de Vries.
Jasper de Vries fan Stichting Berlikumer Belangen
Hennie en Jelle kinne hast net wachtsje. "Se koene om ús wol los", seit Jelle. "Mar wy jouwe ús del. As wy mar wissichheid hawwe dat it trochgiet, dan kinne wy gerêst efkes wachtsje."