Skûtsje Gerben van Manen 1.000 kilo lichter: klear foar SKS-kampioenskip

De Gerben van Manen, it skûtsje fan It Hearrenfean, wurdt opknapt. It foarnaamste doel: it skip lichter meitsje, want dêr falt noch wol wat winst te beheljen mei it each op it folgjende SKS-kampioenskip.
Troch corona is it hieltyd dreger om personiel te finen:
"Wy hoopje dat we mei dizze ferbouwing de kommende hûndert jier wer foarút kinne", seit skipper Sytze Brouwer. "Wy woenen graach nije dekken hawwe. Us âlde dekken wienen op guon plakken 6,7 milimeter. Dy meie eins mar 4 milimeter wêze."

Mear as 1000 kilo lichter

Troch it tinner meitsjen fan de dekken is it skûtsje in stik lichter. "Dit hat ús yn totaal 1.200 oant 1.400 kilo oplevere", seit Brouwer.
Sa leit de Gerben van Manen der no by © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De Gerben van Manen hopet mei de oanpassings mei te dwaan foar de titel. Alteast, as it SKS-kampioenskip trochgiet. Ofrûne jier waard de striid op it lêste momint skrast yn ferbân mei de coronamaatregels.
Foar dit jier is Brouwer lykwols posityf. "Wy geane derfanút dat we gewoan sile. Ik tink dat we foarútsjen moatte. Sa riede wy ús ta, want oars kinst der wol gek fan wurde. Ik tink ek wol dat it kin."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de Gerben van Manen