Liveblog | 30 desimber 2021

Coronanijs 30 desimber: Tal besmettingen ûnder 75-plussers rint it hurdst werom

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 30 desimber 2021, 22:34
22:31

Noflike jûn

Oant safier it liveblog mei it Fryske coronanijs fan tongersdei 30 desimber. Tank foar it folgjen!
21:19

'Ernst Kuipers nije coronaminister'

Ernst Kuipers (62) is de beëage nije minister fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport. Dêrmei wurdt hy it nije gesicht fan it coronabelied. Dat meldt RTL Nieuws.
Kuipers is op it stuit foarsitter fan it Landelijk Netwerk Acute Zorg. Yn dy funksje is er ferantwurdlik foar de sprieding fan de coronapasjinten yn de sikehûzen.
Earder waard al bekend dat Hugo de Jonge net weromkomt as coronaminister. Hy wurdt nei alle gedachten de nije minister foar Folkshûsfêsting en Romtlike Oardering.
Ernst Kuipers © ANP
18:04

Rutte boostere mei Moderna

Demisjonêr premier Mark Rutte hat syn boosterprik hân. Op Twitter lit hy witte dat hy it Moderna-faksin krigen hat. Ek ropt hy elkenien op om de boosterprik te heljen. "Zo bescherm je jezelf en je omgeving, en zorgen we samen dat de druk op de zorg afneemt."
17:37

Karbidsjitten tastien mei fjouwer persoanen; kampanje foar jongerein

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It keapjen en ôfstekken fan fjoerwurk is ek dit jier ferbean mei Ald en Nij. Dat moat tefoaren komme dat it te drok wurdt yn de sikehûzen.

Karbidsjitte is op âldjiersdei wol tastien, mei net mear as fjouwer persoanen. Dat kin oant de sinne ûndergiet. De presize regels binne yn elke gemeente wer oars.

Veiligheidsregio Fryslân hat ek in kampanje opset foar jongerein dy't de jierwiksel fiere wolle, nettsjinsteande de lockdown. DOchITgewoan moat jongerein ynspiraasje jaan en ynformearje oer wat se noch wol dwaan kinne mei Ald en Nij.
16:18

Kappers yn protest: "Ik hâld it sa net fol"

Kappers út it hiele lân fiere hjoed aksje, om't se gjin of te min stipe fan de oerheid krije. Sûnt oardel wike binne de kapsalons ferplichte ticht. En dat betsjut dat alle omset yn ien kear fuortfallen is.
© RTV NOF
Linda Westerhof begûn fjouwer moannen lyn mei har kapperssaak yn De Harkema. Se hie al ien yn De Tynje. "Der kaam in moaie kâns foarby om in salon yn De Harkema oer te nimmen. Dat haw ik dochs dien, nettsjinsteande de spannende coronatiid."
Mei trije fêste meiwurkers rûnen de saken goed, oant oardel wike lyn. Yn de nije lockdown binne de winkels ferplichte ticht gongen. "De lockdown kaam as in folsleine ferrassing, wy seagen it net oankommen. It is krekt as belibje it dan yn in roeske.
15:35

Mear as 7 miljoen coronatests mei Testen voor Toegang

Der waarden dit jier mear as 7 miljoen coronatests dien yn it ramt fan Testen voor Toegang. Dat lit organisator Stichting Open Nederland witte. Mei it 'Testen voor toegang'-systeem koene minsken mei in negative testútslach bygelyks nei it teäter of de hoareka.

De measte testôfspraken waarden makke foar in restaurant- of kafébesite. Der waarden 2,4 miljoen coronatestôfspraken makke troch minsken dy't nei de hoareka woene. Ek woene minsken nei in evenemint (1,2 miljoen testôfspraken), de disko (800.000 ôfspraken), in sportwedstriid (620.000 ôfspraken) of waard it systeem brûkt om sels te sporten (600.000 ôfspraken).

Yn de saneamde Fieldlabs waarden eksperiminten dien mei it systeem. Dat barde oan it begjin fan dit jier.