Brânwacht Hallum nei geweld jierwiksel ferline jier: “Is it it noch wurdich?”

Helpferlieners binne der net gerêst op dat de jierwiksel stil ferrinne sil. Ferline jier rûn it op guon plakken út de klauwen. "Je wurkje frijwillich en wolle minsken helpe, en dan wurde der bierfleskes op je smiten", fersuchtet Paulus Willem Streekstra fan brânwacht Hallum.
De brânwacht fan Hallum makke ferline jier geweld mei op Ald en Nij. De brânwacht fynt it net te akseptearjen dat helpferlieners mei stiennen en bierfleskes bekûgele waarden.

"Dit wolle je net wer"

Streekstra is der net oer te sprekken: "Wy binne allegearre frijwilliger, ik haw ek gewoan in baan. As je op it lêst allegearre bekûgele en tsjinwurke wurde, dan moatte je je ôffreegje oft it it noch wurdich is. Wy wolle ek feilich ús wurk dwaan. Wy wolle ek wer nei hûs ta."
Dêrom besiket de Hallumer brânwacht him no noch better ta te rieden. Sa wurdt der ekstra beskerming regele as eardopkes en brillen. "Wy hawwe yn petear west mei de gemeente en de plysje. Dit wolle je net wer meimeitsje. Dat moatte je as mienskip net wolle. Op sa'n wize hâldt it in kear op."
© ANP
Plysjesjef Marjan de Ruiter-Abma fertelt dat ferline jier ek in dreech jier wie. "Neat mocht en neat koe mei corona, de jongerein woe inoar it leafst sjen. Mar dat koe net, en dit jier wer net. It feest is wol útgroeid ta in feest mei ferfelende kanten lykas fernieling en brânstichting."

Brânber guod fan de dyk

Dêrom binne de plysje en gemeente Noardeast-Fryslân drok dwaande om better taret te wêzen. "Wy binne op dit stuit drok dwaande om yllegaal fjoerwurk fan de dyk te heljen. Dan binne hjoed-de-dei echte bommen. Ek besykje wy guod fan de dyk te krijen wat yn 'e brân reitsje kin, lykas karren mei ôffal. Sa moat der mei Ald en Nij net tefolle rommel op de strjitte lizze."
Wat der ek bart op 'e wâld, corona of net, it mei net in ekskús wêze om je tsjin helpferlieners te kearen.
Plysjesjef Marjan de Ruiter-Abma
De Ruiter hopet dat minsken it sûne ferstân brûke. "Wy tolerearje gjin geweld tsjin ús helpferlieners. Wat der ek bart op 'e wâld, corona of net, it mei net in ekskús wêze om je tsjin helpferlieners te kearen. Wy dogge in oprop: tink der om, eltse brânwacht- of plysjeman kin ek gewoan dyn buorman of tante wêze. Dy minsken wolle ek graach nei hûs, lit sy har wurk dwaan."