Geert Kuiper: "Net in goede kar fan de bûnscoach"

Geert Kuiper fynt dat reedrydbûnscoach Jan Coopmans mear nei Jorrit Bergsma sjen moatten hie foar de ploege-efterfolging. Kuiper seit dat yn it fjirde diel fan de OKT-SportCast.
De diskusje giet yn de SportCast oer it ynfoljen fan de seleksjefolchoarder en wa't de ploege-efterfolging ride moat. Komt Jorrit Bergsma dêr noch foar yn oanmerking, wylst hy al in hiel skoft gjin ploege-efterfolging mear riden hat?

"Je komme dochs wer by Jorrit telâne"

Fan de riders dy't no by de earste njoggen steane, komme eins allinnich Patrick Roest en Sven Kramer yn oanmerking foar de ploege-efterfolging, want de oaren binne mear sprinters en foar de koartere ôfstannen. Allinnich Jorrit Bergsma kin it ek ride. Dy sei earst dat hy net yn de ploech meiride wol, mar hy komt dêr wat op werom.
Geert Kuiper wie fjouwer jier lyn de bûnscoach. "Ik seach dit eksakt oankommen by de foarige Spelen. Ik ha him (Bergsma, red.) der doe ek by frege. Op ien of oare wize komme je yn dy matriks dochs wer by Jorrit telâne. Dat bart no ek wer."
Ik fyn dat Bergsma ride moat.
Jesper Hospes
Oer de hjoeddeistige bûnscoach Jan Coopmans hat Kuiper dan ek wol in miening. "Coopmans passearret Bergsma. Njonken dit listje moat der ien mei dy't de ploege-efterfolging ride sil. We sitte no mei dy pruts-matriks. Op ien of oare manier moast der yn it foar wol oer prate."
Jesper Hospes: "Ik fyn dat Jorrit ride moat, mei Sven en Patrick. Ast nei de matriks sjochst, moatte se dêrop ynsette." Dochs tinkt Kuiper dat se noch ien oanwize sille foar de ploege-efterfolging. "It is hiel oannimlik dat der noch ien by moat foar de ploege-efterfolging njonken dizze list fan nammen."
By it olympysk kwalifikaasjetoernoai nimt Omrop Fryslân nei ôfrin fan eltse dei in SportCast op. Ofwikseljend skowe âld-reedrider Douwe de Vries, reedrider Jesper Hospes en Dútslân-bûnscoach Geert Kuiper oan by Omrop-sportferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Fierder prate we yn de SportCast oer de knappe prestaasjes fan Marijke Groenewoud en Antoinette de Jong. Oer Ireen Wüst. dy't har ek pleatst hat foar de 1.500 meter en sjogge we nei de gefolgen foar de matriks. Moarn is de lêste dei fan it OKT mei de 5.000 meter foar de froulju en de 1.500 meter foar de manlju.