Groenewoud mei nei de Spelen: "Ik besef it noch net hielendal"

Marijke Groenewoud mei nei de Olympyske Winterspelen yn Peking. It wie in ferrassing dat de Hallumse by de earste trije siet by de sterk besette 1.500 meter fan it olympysk kwalifikaasjetoernoai.
© Orange Pictures
Groenewoud wie nei ôfrin fansels út 'e skroeven: "Ik bin hartstikke bliid. Ik tink dat ik noch net hielendal besef dat ik tredde wurden bin."
Marijke Groenewoud mei ferrassend nei de Spelen:
Groenewoud wie in heale sekonde flugger as har persoanlik rekôr op de 1.500 meter. "Ik ha op it goede momint pykt. Ik hie net ferwachte dat ik in heale sekonde fan myn pr ôfhelje soe."
Njonken de 1.500 meter ferwachtet Groenewoud ek dat se oan de massastart meidwaan mei.

Hattrick foar Antoinette de Jong

Groenewoud wûn de 1.500 meter woansdei lykwols net. Antoinette de Jong wie de fluchste op dizze ôfstân. Nei de 1.000 en de 3.000 meter is it De Jong har tredde pleatsing foar de Olympyske Spelen, in hattrick dus. "De útfiering koe hjoed better, mar ik bin hjir echt ûnwiis bliid mei."
'Hattrick' foar Antoinette de Jong:
"1.53 yn Hearrenfean is in hiele moaie tiid om te riden", seit De Jong. "Fjouwer jier lyn siet ik der twa tsienden njonken. No ha ik him en wurd ik ek noch earste. Better as dit kin net", laket de rydster nei de 1.500 meter.
De Jong lit de 5.000 meter wol oan har foarby gean.

Fiifde Spelen foar Wüst

"Ik ben opgelucht dat ik me geplaatst heb voor mijn vijfde Spelen", seit Ireen Wüst, de tredde Friezinne op it poadium fan de 1.500 meter. Njonken dy ôfstân sil se ek op de 1.000 meter yn aksje komme yn Peking.
Ireen Wüst ek op de 1.000 meter nei Peking:
"Ik ga er alles aan doen om mijn te titel te prolongeren", seit Wüst, "maar de Spelen is een hele andere wedstrijd. Gelukkig heb ik mij in ieder geval geplaatst."