Tjerk de Boer en Tim Prins kinne net stunte op de 1.000 meter

Tjerk de Boer en Tim Prins hawwe harren net pleatst foar de Olympyske Spelen op de 1.000 meter. De oerwinning op dizze ôfstân wie foar Thomas Krol.
Talint Tim Prins kin net stunte:
Tjerk de Boer finishste yn 1.09,54, op in flinke ôfstân fan de 1.08,10 fan Tijmen Snel. Ek de jonge Tim Prins kaam mei 1.10,09 net yn de buert fan de tiid fan Snel.

Utslach 1.000 meter

1. Thomas Krol 1.07,24
2. Kai Verbij 1.07,48
3. Hein Otterspeer 1.07,52
4. Kjeld Nuis 1.07,64
5. Tijmen Snel 1.08,10
Yn de lêste ritten kamen de sterke manlju yn aksje. Thomas Krol pakte de oerwinning yn in tiid fan 1.07,24. Kai Verbij en Hein Otterspeer waarden twadde en tredde. Sy meie alle trije nei de Olympyske Winterspelen yn Peking. Kjeld Nuis, de olympysk kampioen fan 2018 grypt njonken in ticket foar de Spelen op de 1.000 meter.

Reedrydmatriks manlju

Ofstân Wa
1. 1e op 1.000 meter Thomas Krol
2. 1e op 5.000 meter Patrick Roest
3. 1e op 1.500 meter
4. 2e op 1.000 meter Kai Verbij
5. 1e op 10.000 meter Jorrit Bergsma
6. Massastart Oanwiisplak
7. 2e op 1.500 meter
8. 1e op 500 meter Merijn Scheperkamp
9. 3e op 1.000 meter Hein Otterspeer
10. 3e op 1.500 meter
11. 2e op 5.000 meter Jorrit Bergsma
12. 2e op 10.000 meter Patrick Roest
13. 2e op 500 meter Dai Dai N'tab
14. 3e op 5.000 meter Sven Kramer
15. 3e op 500 meter Kai Verbij
Nederlân mei njoggen riders nei de Olympyske Spelen ta stjoere. De earste seis yn de matriks binne wis fan in olympysk ticket. Dêrnjonken wiist de KNSB noch trije riders oan.