456 nije coronagefallen yn Fryslân, mooglik heger troch eardere steuring

It RIVM hat de ôfrûne 24 oeren 456 nije coronabesmettingen registrearre yn Fryslân. It binne der 106 mear as tiisdei, al hie it RIVM doe in technyske steuring. Troch dy eardere steuring en lettere meldingen falt it tal besmettingen fan hjoed mooglik heger út.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 437 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 460 besmettingen, in wike lyn op 592.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne fiif Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om ynwenners fan Ljouwert (2), De Fryske Marren (2) en Smellingerlân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 15.804. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.390.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.