Direkteur Margreet de Graaf ferlit GGD Fryslân: "Krisiswurk hat in soad frege"

Direkteur Margreet de Graaf ferlit GGD Fryslân. Yn april takom jier makket se de oerstap nei de ried fan bestjoer fan it bedriuw Cosis. De Graaf waard yn de ôfrûne jierren benammen bekend troch har optreden yn de coronakrisis.
Margreet de Graaf © Veiligheidsregio Fryslân
De 50-jierrige De Graaf hoegde net fuort, sa't se it sels omskriuwt, mar se waard tipt. "En dit wie in te moaie kâns om lizze te litten." Boppedat is it yn har sektor gebrûklik om nei fiif à sân jier op te hâlden, seit De Graaf. Se stiet sûnt juny 2015 oan it haad fan GGD Fryslân.

In soad frege

De ôfrûne jierren is it wurk bot feroare troch de útbraak fan de coronapandemy. "Foaral yn de earste golf wie it echt krisiswurk", sjocht se werom. "Dat hat in soad frege fan alle minsken, ek fan my."
Yn eardere ynterviews joech De Graaf wol oan dat se mear as hûndert oeren de wike wurke yn dy faze. "Dat brekt dy wol op, dat is in kear klear", sei se doe. Krekt foar Keningsdei waard it har dan ek efkes te folle en moast se in pear dagen rêst nimme.
It kin noch wol fjouwer of fiif jier duorje. Dat is te lang om út te sitten.
Margreet de Graaf oer de coronapandemy
De Graaf hope dat it ôfrûne simmer wat rêstiger wurde soe. "Mar doe kaam der in nije golf. En it kin noch wol fjouwer of fiif jier duorje. Dat is te lang om út te sitten."
Se sjocht wol mei in tefreden en grutsk gefoel werom op de Fryske oanpak. Se fûn de gearwurking mei de boargemasters en Veiligheidsregio goed rinnen. De faksinaasjekampanje rûn neffens har ek prima, al wie der altyd in soad krityk.

Wichtige bydrage levere oan sichtberens

Foar't De Graaf direkteur publike sûnens by Veiligheidsregio Fryslân waard leine de taken yn hannen fan Wim Kleinhuis, direkteur fan Veiligheidsregio Fryslân. Hy seit dat De Graaf in wichtige bydrage levere hat oan de sûnens yn Fryslân. "Se is ûnmiskenber ferbûn oan de sichtberens fan GGD Fryslân yn de coronapandemy."
Wa't de opfolger fan De Graaf wurdt, hat GGD Fryslân noch net bekend makke.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân © Omrop Fryslân
De Graaf makket op 1 april 2022 de oerstap nei Cosis, in Grinslanner-Drintske organisaasje foar minsken mei ferstanlike of psychyske beheiningen. "Ik sil Fryslân wol misse, mar dizze nije funksje past hiel goed by my. Mear minsken soenen har bekommerje moatte om dizze groep."
De Graaf wie wie tusken 2008 en 2015 direkteur fan Zorgbelang Fryslân. Dêrfoar wurke sy yn de saaklike tsjinstferliening en ynternasjonale hannel.