Ekstra tafersjoch en oprop tsjin fjoerwurk yn natuer Skiermûntseach

De organisaasjes efter Nationaal Park Schiermonnikoog dogge in oprop om gjin fjoerwurk ôf te stekken yn de natuer op Skiermûntseach. It is Natuurmonumenten opfallen dat dit hieltyd faker bart.
© ANP
Yn jannewaris hawwe boskwachters in soad fjoerwurkresten opromje moatten yn de boartersbosk, yn bunkers, by strânopgongen en sels midden yn 'e dunen. Ek die bliken dat der ferskate jisketonnen, buorden en banken fernield wiene.
"Een behoorlijke kostenpost, die veelal niet op de veroorzakers is te verhalen", sa skriuwe de organisaasjes, wêrûnder Natuurmonumenten en de VVV. Neffens har geane fjoerwurk en natuer gewoanwei net goed mei-inoar. Bisten hawwe der fan te lijen: op radarbylden is alle jierren goed te sjen dat miljoenen fûgels opfleane mei de jierwiksel.

Ekstra tafersjoch

Natuurmonumenten en de plysje hâlde yn de oanrin nei de jierwiksel ekstra taferljoch. Ek al jildt der in fjoerwurkferbod. Der sil ek hanthavene wurde, skriuwe de partijen. "We roepen iedereen op om de regels te respecteren en het Nationaal Park vuurwerkvrij te houden, dit jaar én alle volgende jaren."

Ferline jier ynbeslachnimming

Yn 2020 rôp boargemaster Ineke van Gent ek al op om it ferstân te brûken, yn stee fan fjoerwurk. "Niet bezitten, niet afschieten en geen verkoop. Er wordt streng opgetreden, straffen zijn pittig. Voorkom problemen, hou je aan de regels", skreau Van Gent doe.
Dat wie krekt nei't der by in bewenner fan it eilân 80 nitraten yn beslach naam wiene. Om't it gie om in misdriuw is der doe in proses-ferbaal opmakke.