Ljouwerter oppakt foar dieverij fan ark en besit fan harddrugs

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in 46-jierrige Ljouwerter oanholden dy't fertocht wurdt fan it ynbrekken yn in auto. De man hie ark meinommen út in bedriuwswein oan de Poppewei.
© ANP
De melding fan dy ynbraak kaam om 05.00 oere hinne. De melder koe in dúdlik sinjalemint jaan, wêrmei't plysjeminsken út 'e fuotten koene. Op de Esdoornstrjitte, net fier fan de Poppewei ôf, koe de plysje de fertochte oanhâlde.
De Ljouwerter hie ark mei dat út de bedriuwswein kaam. By it fûllearjen fûn de plysje ek noch harddrugs. Likegoed it ark as de drugs binne yn beslach nommen. De fertochte sit fêst.