Legokeunstner portrettearret Ed Sheeran live yn Fries Museum

29 des 2021 - 09:15

De doarren fan de museums bliuwe dizze wiken ticht, mar keunstleafhawwers kinne wol live sjen hoe't legokeunstner Ernesto Lemke in portret makket fan Ed Sheeran.

Omroep LEO Middelsé seach hoe't de 'brickpainter' te wurk gong:

Lemke soe yn dizze perioade al in live optreden fersoargje. De bedoeling wie om dat foar publyk yn it Fries Museum te dwaan, mar dat kin no dus net. Yn in fierder leech museum is er dochs oan de slach mei in legoferzje fan Ed Sheeran.

De Himpenser keunstner wurket mei it portret fan Sheeran troch Colin Davidson. Dat wurk is opnaam yn de kolleksje fan de National Portrait Gallery yn Londen en wie de ôfrûne moannen te sjen yn Icons yn it Fries Museum. Dy eksposysje kaam earder ta in ein fanwege de coronamaatregels.

Sheeran moat bredere doelgroep oansprekke

"Ik vind Ed Sheeran sowieso wel sprekend", seit Lemke oer it idee om krekt him út te byldzjen mei lego. "Ik vind het ook een mooi schilderij. Een beetje vergelijkbaar met mijn eigen schilderstijl."

Ernesto Lemke yn it Fries Museum - Foto: Jacob van Essen / Het Hoge Noorden

En der is noch in reden: "Er zijn denk ik voldoende mensen die verder misschien niet zo geïnteresseerd zijn in kunst, maar wel in lego. En zij kennen Ed Sheeran misschien ook wel. Daarmee bereik ik hopelijk een bredere doelgroep."

Lemke fertelt hoe't it 'skilderjen' mei lego yn syn wurk giet

Publyk kin op livestreams fan it Fries Museum sjen hoe't Lemke syn wurk makket. Op dat plak kinne minsken en fragen stelle oan de keunstner. "Ik ben benieuwd hoe het gaat: aan de ene kant gefocust zijn op het kunstwerk en tegelijk vragen beantwoorden."

'Kom del'

Lemke sit achter de ruten oan de kant fan it Saailân. Minsken dy't yn de buert binne, kinne fan bûten sjen hoe't er oan it wurk is.

"En ik hoorde dat Ed Sheeran ook liefhebber is van Lego", seit Lemke. "Het zou mooi zijn als hij zelf ook op de hoogte wordt gebracht hiervan. Ik roep iedereen op om hem te taggen op social media."

(Advertinsje)
(Advertinsje)