Fryske kappers dogge mei oan lanlik protest foar mear coronastipe

Kappers yn de gemeenten Smellingerlân, Opsterlân, Ljouwert en Achtkarspelen dogge tongersdei mei oan in lanlike aksje. Mei it protest wolle sy sjen litte dat de stipe yn coronatiid net genôch is.
© ANP
Ut it lanlike protest wei wurdt der in petysje oanbean oan de Twadde Keamer. En by kapsalonnen yn 125 Nederlânske gemeenten binne lytse aksjes.
"Yn De Harkema hingje wy spandoeken op, der komt in fjoerkoer en kofje en ik haw noch in tal oare ideeën", fertelt Linda Westerhof. Sy hat kapperswinkels yn De Harkema en De Tynje. "Wa't ús stypje wol, is fan herte wolkom." De kapperswinkel sil net iepen, want in boete kostet tefolle jild.

Strange stipebetingsten

Troch de lockdowns reitsje de reserves fan Westerhof op. "Spitigernôch is it al foar de tredde kear. De stipe is net genôch. Je moatte op syn minst 20 persint oan omsetferlies hawwe. De measten foldogge net oan de betingsten. Dêrom wolle wy dochs fan ús hearre litte."
De timing fan de lockdown komt ek min út. "Je kinne it jier altyd moai ôfslute mei de drokte foar de krystdagen. Just mei dy dagen binne je wer ticht. Dat is hiel soer."
Je steane yn de kjeld.
Linda Westerhof
Westerhof hat trije meiwurkers, dy't sy no út eigen bûse betelje moat. "Ik haw der sels sûnt fjouwer moannen in kapsalon by, dy haw ik oernaam. Dan komme je net ta dat omsetferlies, as in bedriuw groeiende is. Wy krije echt nul euro stipe. Je steane yn de kjeld. De fêste lêsten rinne wol troch."

Meiwurkers út eigen bûse betelje

En de meiwurkers moatte wol gewoan lean krije. "Dat doch ik no dus fan myn eigen jild, mar dat kinne je net altyd folhâlde." De ûndernimster hopet dat der gau wat feroaret, want dizze situaasje moat neffens har mei in pear moannen wol ophâlde om de holle oerein te hâlden.