Rapport oer plannen Modelspoarmuseum Snits "niet mals, maar wel helder"

28 des 2021 - 17:55

It Modelspoarmuseum yn Snits moat mei in dúdliker plan komme foar de ferhûzing nei yndustryterrein De Hemmen, foardat de gemeente Súdwest-Fryslân beslute kin oer in ekstra bydrage. Dat seit wethâlder Mirjam Bakker nei oanlieding fan in kritysk rapport fan it buro TiMe.

It Modelspoarmuseum yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It buro hat de ferhuzing en nijbou fan it modelspoarmuseum yn opdracht fan de gemeente tsjin it ljocht hâlden. De konklúzje is de plannen 'ambysjeus, risikofol en foar in part ûnhelber' binne. Sa soene de personiels- en eksploitaasjekosten ûnrealistysk leech begrutte wêze.

It museum hat in bydrage fan 135.000 frege oan de gemeente foar de ferhuzing. De subsydzje soe ek struktureel omheech moatte. Dat komt der dus foarearst net.

De gemeente hat it rapport trochrûn mei it museum. "In het rapport staan zes punten waar het bureau veel vragen over heeft. We hebben het museum gevraagd om die punten aan te passen", seit Bakker.

'Dúdlik rapport'

It rapport is dúdlik, fynt de wethâlder. "TiMe is een gerenommeerd bureau in de museumwereld. We hebben ze gevraagd om de inhoud en de haalbaarheid van de plannen te bekijken, want we vinden het zelf lastig om te beoordelen. We hadden twijfels, maar we kennen de museumwereld niet van haver tot gort."

"De conclusies van het bureau zijn niet mals, maar wel helder", seit Bakker. "Het museum moet bijvoorbeeld zorgen voor een harde dekking, en niet zeggen 'het komt wel goed'."

Ik vertrouw dit rapport.

Wethâlder Bakker wjersprekt de krityk fan it museum oer it ûndersyksburo

It museum seit dat it wol kloppet dat de personielskosten leech ynskat wurde, omdat se mei frijwilligers wurkje. It ûndersyksburo soe wend wêze om allinnich djoere museums te ûndersykjen.

Dêr is Bakker it net mei iens. "We hebben dit bureau natuurlijk gekozen omdat het een heel goed bureau is. Ze hebben bij grotere musea onderzoek gedaan, maar ook bij kleinere. En de conclusies gaan niet alleen over personeel, maar ook over de ambitie die te hoog is, het museale concept dat niet in orde is, er zijn vraagtekens bij het aantal mensen dat er komt. Ik vertrouw dit rapport."

Kwaliteit wichtiger as snelheid

Neffens it museum is de ferhuzing en de útwreiding essinsjeel foar it fuortbestean. "Maar het onderzoeksbureau vraagt juist 'waarom nu' en 'waarom dit concept'. Daar worden vraagtekens bij gezet. Het museum wil heel veel haast maken, maar wij hebben gezegd: kwaliteit gaat voor snelheid."

Hielendal útslute dat it museum in bydrage fan de gemeente krijt, docht Bakker noch net. "Als er een goed plan komt, dan gaan we er gewoon weer helemaal vers in en kijken we ook naar eventuele financiering. Maar zo ver is het nog lang niet."

Museum wol earst oerlizze

Foarsitter Pieter Hofstra fan it modelspoarmuseum wol sels noch net reagearje op it rapport fan TiMe. Hy is dwaande mei in brief oan de gemeente en wol earst mei de direkteur en de frijwilligers oerlizze oer hoe't it mei de ferhûsplannen fierder moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)