Lemster Warenhuis hâldt nei 60 jier op: winkelpublyk is ferdwûn

It is in begryp op De Lemmer en omkriten, mar nei 60 jier komt der in ein oan it Lemster Warenhuis oan de Schans. Eigener Coen Gouma sjocht it net sitten om oan dizze strjitte fierder te gean. De winkelstrjitte fan eartiids is stadichoan feroare yn in wenstrjitte.
De Schans moat ôfskied nimme fan it Lemster Warenhuis:
"Wy binne no oan it opromjen", seit Gouma. Mei in grutte slach hellet er in planke fan de muorre. De winkel oan de Schans is leech. Der hinget allinnich noch wat swart seil. Oeral lizze noch wat planken ferspraat oer de flier. It liket net mear op de ferneamde boartersguodwinkel.
"It hâldt op en dêr ha ik wol in dûbeld gefoel by. It is de skiednis dy't hjir leit. Ik bin hjir hikke en tein en ha altyd boppe de winkel wenne."
Coen Gouma fan it Lemster Warenhuis © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Gouma ûnderbrekt syn ferhaal efkes om in tal planken leech te heljen. Dêr stiet noch it lêste keapwaar op. Trije lytse kopkes mei pantsjes en in tal boarstels lizze noch iensum op in grutte grize planke.
Der komt in punt dat je de knoop trochhakke moatte.
Coen Gouma
"Wy sjogge al in tal jierren dat wy oan dizze strjitte in oare kant op moatte. Der komt in punt dat je de knoop trochhakke moatte. Dat hawwe wy begjin dit jier dien. Wy hâlde hjir op en moatte in oare lokaasje sykje."

Ea dé winkelstrjitte

Dat hat dus te krijen mei it strjitbyld, leit Gouma út: "Doe't myn âlden hjir 60 jier lyn kamen, wie dit dé winkelstrjitte. Mar de Schans is fan in winkelstrjitte nei in wenstrjitte feroare. In jier as fiif lyn is it bestimmingsplan feroare. De winkels wol men mear yn it sintrum."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by it Lemster Warenhuis
It Lemster Warenhuis oan de Schans op De Lemmer © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Hy hat fan alles dien om de ûntwikkeling te kearen, mar dat is net slagge. "Fan 2000 ôf hawwe wy wol yn petear west om de Schans wat mear 'smoel' te jaan. Mar it is altyd by praten bleaun. As men oan it byld fêsthâldt, dan hâldt it op."
Gouma en syn frou wolle wol troch, mar net op dizze lokaasje. "Der moatte wol minsken foarby komme. Eartiids wie de merk hjir ek. Alle tongersdeis wie der oanrin fan minsken. Mar dy merk is ek nei de oare kant fan it doarp gien. Dat hat wol in negative ynfloed hân."

Gjin goed teken

De lêste jierren binne ferskate winkels fuortgien út De Lemmer. "Dat is foar de middenstân gjin goed teken. It doarp moat libjen bliuwe. Wy sjogge wol nei oare plakken. Slagget dat net, dan wolle wy ek wol bûten De Lemmer sjen."
It soe skande foar De Lemmer wêze, dat wit Gouma ek. "Wy fiele ús hjir thús en soene hjir graach fierder wolle. Mar earst mar efkes alles opromje hjir, dêrnei sjogge wy hoe't it komt."