"Double trouble" foar Noppert: opnij útskeakele yn tredde ronde WK

Danny Noppert is tiisdei útskeakele op it WK darten yn Londen. Yn syn partij yn de tredde ronde wie Ryan Searle út Ingelân mei 4-2 yn sets te sterk. Dêrmei leit Noppert der foar it tredde jier op rige yn de tredde ronde út.
Danny Noppert yn de wedstriid tsjin Ryan Searle © ANP
De earste set fan de wedstriid gie tsjin de ferwachtingen yn nei de Fries. Searle kaam mei 2-0 yn legs foar, wylst Noppert mar dreech op gong kaam. It waard lykwols 2-2 troch twa kreaze finishes, en fia dûbel fjouwer pakte Noppert ek noch de set.
Beide manlju hiene muoite mei it finen fan de dûbels. Searle kaam yn de twadde set mei 2-0 foar. De tredde leg gie nei Noppert, mar mei in finish fan 60 sette de Ingelskman de 1-1 yn sets op it boerd.

Nivo omheech

De tredde set koe beide kanten op. It nivo fan beide manlju gie omheech. Searle like by 2-1 dy set al te pakken, mar seach Noppert 101 útsmiten. Yn de fiifde leg miste de Fries ien dart op de bullseye, wêrnei't Searle in finish fan 72 notearre: 2-1 yn sets.
Fan de fjirde set ôf waard benammen Noppert konstanter. Hoewol't Searle ek kânsen krige, gie de set mei 3-1 nei de Jouster. Dêrnei waard it tige spannend. By 2-2 yn legs koe it beide kanten op. Noppert miste in pylk foar de set, en Searle pakte it wol.

Ferset brutsen

Fan dat stuit ôf wie it ferset fan Noppert brutsen. Ryan Searle kaam op 1-0 yn legs en seach Noppert doe fjouwer dûbels missen. De Ingelskman profitearre en smiet kreas de wedstriid út.

"Double trouble"

"Ik siet net echt lekker yn de wedstriid", sei Noppert nei ôfrin foar de kamera fan RTL7. Hy krige wol kânsen, mar it útsmiten gong net goed. "Double trouble."
De Jouster is net tefreden oer syn eigen nivo de lêste wiken. "Ik ha myn bêst dien, mar it woe hjoed net. Sa no en dan wol, mar it wie net konstant genôch. Hy hat terjochte wûn."
It WK darten wurdt fan 15 desimber oant en mei 3 jannewaris hâlden yn it Alexandra Palace yn Londen. De regearjend wrâldkampioen is Gerwyn Price út Wales. Foar de winner leit in heal miljoen Britske pûn klear.