Brân yn garaazje op West-Skylge ûnder kontrôle

Op West-Skylge is tiisdei in garaazje oan de Willem Barentszstrjitte útbrând. Fanwege de tichte bebouwing dêr skaalde de brânwacht grut op.
It gong om de garaazjeboks efter de moadewinkel Pand26, foar restaurant de Heksenketel oer. De brânwachten fan West-Skylge en Midsland wienen by de brân.
De brân soe ûntstien wêze yn de opslach dêr't it âld-papier lei. Der kaam in soad reek frij, dy't oer it doarp hinne luts.
De brânwacht frege op sosjale media om út de reek te bliuwen en helpferlieners de romte te jaan. Op 'e dyk wie it smoardrok mei minsken.