Flearmûzen behinderje sloop fan wenten yn Marsum

28 des 2021 - 13:30

Wenningkorporaasje Wonen Noordwest-Friesland hat in diel fan de sloopplannen yn Marsum stillizze moatten om't der flearmûzen yn de huzen sitte.

In lytse flearmûs (dwergvleermuis) - Foto: Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)

Fan de fjouwer huzeblokken binne der no trije sloopt, mar it fjirde blok bliuwt no yn alle gefallen oant takom maitiid stean.

"It plan wie oars, wy woene alles tagelyk slope. Dat wie ek sa ôfsprutsen mei de sloper", seit gebietsregisseur Willem Seepma fan Wonen Noordwest-Friesland. "Mei de lêste kontrôle fan de Flora- en faunawet kaam nei foaren dat yn ien fan de blokjes dochs flearmûzen oantroffen binne. Dêrom ha we beslute moatten om dy sloop út te stellen."

Yn dizze tiid fan it jier moatte flearmûzen mei rêst litten wurde. "Meist se net fersteure. Sloop soe dat seker dwaan", seit Seepma. "De flearmûzen moatte earst alternative húsfêsting krije om it sa mar te sizzen, mar it is no net it momint om dêr mei oan de slach te gean."

Fjouwer moanne útstel

Troch de fynst fan de flearmûzen wurdt de sloop op syn minst mei fjouwer moanne útsteld. It is net dúdlik oft de hûzen aansten wer bewenne wurde troch deselde minsken dy't der earder ek al yn sieten. "Mocht dat wol sa wêze, dan is it ferfelend foar dy minsken om't de nijbou letter wurdt, en se wat langer yn har tydlike húsfêsting ferbliuwe moatte."

De wenningkorporaasje moat him der no earst by dellizze. "Sadree't we wer grien ljocht krije om te slopen, sille we it wer oppakke. Dy fertraging tusken no en it foarjier kin in moanne as 4 wêze, miskien 5", seit Seepma. "Salang wurdt it wol útsteld. Dy fertraging ha jo no te nimmen."

Willem Seepma fan Wonen Noordwest-Friesland oer de sloop

Trefwurden: 
Marsum sloop flearmûzen
(Advertinsje)
(Advertinsje)