XXL-priklokaasje yn Ljouwert set op heech tempo útein: 11.000 prikken de dei

GGD Fryslân is tiisdei om 07.00 oere úteinset mei it faksinearjen fan minsken yn de XXL-faksinaasjelokaasje yn it WTC yn Ljouwert. It koste noch wol wat muoite om it systeem op gong te krijen, mar neffens GGD Fryslân rint it no as in tierelier.
Der stie in lange rige foar de priklokaasje:
"It systeem dat wy moandei úttest hawwe rint goed", seit lokaasjemanager Erik Vonk. "Oant no ta bin ik tefreden mei hoe't it rint. It twivelpunt wie de registraasje foar ús, mar dat giet oant no ta ek noch prima."

Registrearjen en prikken

It registrearjen en it prikken is útinoar helle, leit Vonk út. "Dêrtroch hoege de registraasjemeiwurker en de prikker net mear op inoar te wachtsjen. Sa kinne wy yn in folle heger tempo trochwurkje. Dit systeem rint soepeler."
De XXL-priklokaasje yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
Der wiene moarns betiid noch wol minsken dy't by de âlde yngang stiene, dy moasten troch de GGD nei de nije yngong oan de Heliconwei helle wurde. "Mar dêrnei rûn it gau op." Om it WTC-gebou stiene tiisdeitemoarn al lange rigen minsken.

11.000 prikken

Dat is ek de bedoeling, seit Vonk. "Wy draaie der no sa'n 800 ôfspraken it oere trochhinne. Yn de oare lokaasje hiene wy op ien dei sa'n 4.000 prikken, no sitte wy op sa'n 11.000 prikken de dei."
De grutte opjefte is om Fryslân healwei jannewaris faksinearre te krijen.
Lokaasjemanager Erik Vonk fan de XXL-priklokaasje yn Ljouwert
Allinne tusken de middei binne der efkes wat minder ôfspraken, sa't eltsenien wat ite kin. "Mar de rest fan de dei leit it tempo heech. De grutte opjefte is om Fryslân healwei jannewaris faksinearre te krijen."

Bylden makke

Fan de test fan moandei binne filmbylden makke, sa't alle kollega's der maklik fan op 'e hichte brocht wurde kinne. "De kommunikaasje wie noch wol in punt. Mar wy hawwe no meardere peteargroepen yndield, no prate eins allinne de minsken mei-inoar dy't mei-inoar prate moatte."
Ferslachjouwer Lars de Leeuw yn petear mei in EHBO'er, in prikker en in faksinearre
Der binne no gjin wachtromten mear: minsken bliuwe sitten en meiwurkers komme del mei in karke om de prik te setten. Minsken hawwe in rôze of wite kaart, dy't oanjout dat sy mei Phizer of Moderna faksinearre wurde.