Nij Smellinghe set mear pasjinten oan it wurk foar in operaasje

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten lit tenei faker pasjinten traine foar in operaasje. Dit programma fan 'prehibilitaasje' wurdt útwreide nei ferskate swiere operaasjes, lykas by termkanker, groedebrekken en it oan inoar fêstsetten fan wringen.
© Annemarie Fotografie
Ut ûndersyk docht bliken dat de kâns op komplikaasjes mei de helte ôfnimme kin as minsken fysyk en mentaal fitter binne. De kâns om goed op te knappen wurdt dêrtroch folle grutter.

Yn 't foar fitter wurde

Sikehûs Nij Smellinghe brûkt dêrom sûnt 2014 al in prehabilitaasjeprogramma, om pasjinten ta te rieden op operaasjes. Troch yn 't foar te trainen, bout in pasjint reserven op foar in operaasje. Sa'n 30 oant 40 persint fan de pasjinten foarmet in risikogroep dy't in gruttere kâns hat op komplikaasjes. Dan giet it bygelyks om minsken mei diabetes of obesitas.

Spesjaal team

Yn Drachten waard it foar it earst dien by minsken dy't in ortopedyske operaasje ûndergean moasten, bygelyks in operaasje oan de knibbel. Yn fjouwer oant seis wiken waarden de minsken fitter troch te sporten, it iten oan te passen en mei psychologyske stipe. Dêrfoar is in team opset mei ûnder oaren in fysioterapeut, diëtist en sjirurch.
Pasjinten kinne faak 2,5 dagen earder nei hûs en noch gjin 10 persint hoecht foar revalidaasje nei in ynstelling. Oars wie dat wol 30 persint.